Tolve kandidaten foar boargemasterskip Flylân

26 maaie 2017 - 13:14
It gemeentehûs fan Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Alve manlju en ien frou hawwe sollisitearre nei it boargemasterskip fan Flylân. Fan de tolve kandidaten binne der tsien boppe de 50 jier. Seis kandidaten jouwe oan partijleas te wêzen. Dêrneist binne der twa lid fan de VVD, de oare fjouwer binne oansletten by CDA, D66, 50Plus en in lokale partij.

De gemeente Flylân hat al fjouwer jier in waarnimmend boargemaster, de ôfrûne twa jier wie dat Tineke Schokker. De gemeenteried hat har earder mei klam frege om te sollisitearjen. Kommissaris fan de Kening Arno Brok makket in seleksje út de sollisitanten en hat dêroer oerlis mei de gemeentlike fertrouwenskommisje. Dy praat mei de selektearre kandidaten en bringt ferslach út oan de ried.

De ried beslist úteinlik hokker twa kandidaten nei foaren skood wurde en yn hokker folchoarder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)