Ljouwerter autodief op ynbrekkerspaad oanhâlden yn Assen

26 maaie 2017 - 11:00
Foto: Omrop Fryslân

In 46-jierrige Ljouwerter is tongersdeitenacht oanhâlden yn Assen. De man ried yn in stellen auto. Plysjes woene him kontrolearje, mar foardat se in stopteken jaan koene, sette er sels de auto al oan de kant en naaide er te foet út. Nei in koarte achterfolging koene de plysjes de Ljouwerter oanhâlde. Yn de stellen auto lei ynbrekkersark. De fertochte hie gjin jildich rydbewiis by him. Hy is fêstset foar fierder ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)