Jopie Huisman Museum is op syk nei subsydzje

It Jopie Huisman Museum freget de gemeente Súdwest-Fryslân en de provinsje om subsydzje. It museum wol graach 80.000 euro hawwe. Sûnt de oprjochting tritich jier lyn draait it Warkumer museum op kassa-ynkomsten en donaasjes. Mei in lytse 40.000 besikers per jier giet it hiel knap. Mar de kosten wurde hieltyd heger, it museum wol by de tiid bliuwe en jongere besikers lûke.
Boppedat rint it museum ynkomsten mis, trochdat hieltyd mear minsken in Museumjaarkaart hawwe. Mei sa'n kaart is de drompel om binnen te kommen leech, mar dy ekstra besikers betelje wol folle minder foar in kaartsje. Dat betsjut legere ynkomsten. Dêrom lûkt direkteur Zwier Kroese fan it Jopie Huisman Museum oan de bel by alle steatefraksjes en de politike partijen út de gemeenteried.