Kollum: "Kursus"

26 maaie 2017 - 08:43

"Ik moat it wer efkes oer hûnen ha, want ik lies dat de baaskes fan de saneamde sterke rassen wierskynlik ferplichte op kursus moatte. No tink ik dat je alle hûnen wol falsk meitsje kinne, mar sûnt wy sels ek sa’n ras ha, kin ik my dêr wol yn fine. Allinnich is dat ras hjir net hiel bekend.

Us hûn Timmy wie fjouwer moanne doe’t we him krigen. In leaf swart-wyt hûntsje en der siet gjin kwea by. Mar mei in moanne of sân feroare dat. Hy waard ôfgryslik waaks en begûn te happen nei minsken. Wy wiene der eins bêst wol mei oan, want sa’n hûn hiene wy noch net earder hân.

Ik begriep neat fan him. Foar frjemden wie er freeslik, mar foar ús in grutte freon en sa leaf. Hy komt oarspronklik út Bulgarije en doe kaam ik op in bepaald momint út by de rasbeskriuwing fan de Bulgaarske herder.  Ik werkende alles wat se seine oer it karakter en dat soarge al foar wat mear begrip.

Dy hûnen wurde dêr fokt om selsstannich keppels skiep te bewaken. Se binne hiel waaks, net sosjaal nei oaren mar wol goed foar eigen minsken en sels ús hinnen lit er mei rêst. Mar o wee as hjir in frjemde op it hiem komt, dan docht er it mâl. Ik ha mei him op kursus west by Grietje Wagenaar en ik ha besite hân fan Tinie Riemersma. Sy is gedrachsterapeute en hat hjir in middei west om him te observearjen.

Dêr kaam út dat der net in hiel soad mis is mei Timmy. Hy siet yn ‘e pubertiid, wie wat ûnseker mar dat waakse sit gewoan echt yn syn DNA en dêr koene wy mar rekken mei hâlde. Ik ha in soad leard oer hoe’t we it bêste mei him omgean kinne, dus wat dat oanbelanget wie it goed om soks te dwaan.

Mar no komt it… wy hawwe de tún ôfsetten en ik ha in A4 op ‘e túndoar plakt mei grutte letters: Hier waakt Timmy. Der stiet in koarte beskriuwing ûnder wêrom’t je net mear samar op ús hiem komme kinne en earst efkes op it rút klopje moatte. Dochs barde it regelmjittich dat dêr net nei hannele waard en der samar immen yn ‘e tún stie. Dan fleach ik der wer hinne en frege oft se it briefke net sjoen hiene.

‘Jawol, mar ik bin net bang foar hûnen… Ik ha it wol sjoen mar ik bin dyslektysk… Nee, hinget der in briefke?... Jawol mar ik wit net wêr’t ik dan lâns moat…’ It moaiste wie noch wol dat der lêsten samar immen mei in pakketsje by de achterdoar stie. Timmy wie yn ‘e hûs mar fleach mei in gong as in kûgel nei de doar ta en kaam lûd blaffend mei syn dikke kop troch it kattelûk. Dy keardel skrok him in ûngelok en wist net hoe gau’t er wer achter de skuttingdoar komme moast.

It wie sa grappich, ik lei dûbel! Ik gong derhinne en frege foar de safolste kear oft er it briefke net sjoen hie. Dêr stiet ek in foto op. Timmy siet neist my en wy binne sawat like grut. En wat seit dy bêste man? ‘Ik ha it wol sjoen, mar ik tocht dat it noch mar in lyts hûntsje wie.’ Werklik… de broek sakke my ôf!

Timmy hat noch noait immen echt biten en dat wolle wy graach sa hâlde. Mar ik bin wol klear mei minsken dy ‘t net lústerje wolle en bin ek hast yn steat sokken sels yn ‘e kont te biten. Op hokker kursus komme je dan telâne?"

Hilda Talsma (1971) komt fan Warten en is skriuwster. Hilda is troud mei skûtsjeskipper Jelle Talsma. Tegearre hawwe sy fjouwer bern. Yn 2011 ferskynde har earste roman: ‘De Twadde Hûd’. It is it earste diel fan wat letter in trilogy wurde soe. Yn 2016 publisearre sy har, oant no ta, lêste roman: ‘Wyn fan de wierheid’. Har skriuwstyl is flot, meinimmend, humoristysk en werkenber. Hilda is te folgjen op Facebook.

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)