Stjoerman betrape op farren mei drank op

26 maaie 2017 - 06:55

In 52-jierrige stjoerman fan in sloep hat op Himelfeartsdei de blomkes bûten setten yn Ljouwert. De wetterplysje betrape de Ljouwerter der jûns op dat er mei drank op oan it farren wie. De man woe ûnder de Prins Hendrikbrêge trochgean, mar de wize wêrop fûn de plysje fertocht. Nei in blaastest die bliken dat er hast trije kear mear alkohol op hie as tastien is. De stjoerman krige in farferbod fan sân oeren en in boete.

(advertinsje)