Oftraap fan festival Oerrock yn Oerterp

Under prachtige waarsomstannichheden is tongersdeitejûn yn Oerterp it Oerrock-festival úteinset. Yn trije dagen tiid komme mar leafst 36 bands yn aksje op de ferskate poadiums op it festivalterrein oan de Skieppeleane. De ôftraap fan de achttjinde edysje fan Oerrock wie foar Bløf. De populêre band Kensington slút de earste dei fan it festival ôf.
Freed en sneon wurdt der noch folop spile yn Oerterp, ûnder oaren Douwe Bob en Miss Montreal sille noch it poadium op.