Bouwmeester bliuwt wikselfallich yn Medemblik

25 maaie 2017 - 21:02
Marit Bouwmeester (argyffoto) - Foto: Twitter Marit Bouwmeester

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is der tongersdei by de Delta Lloyd Regatta yn Medemblik net echt yn slagge har efterstân op de konkurrinsje yn te heljen. Bouwmeester prestearret oan no ta wikselfallich yn Medemblik en behelle in tredde en in achttjinde plak yn de Laser Radial klasse. Mei dy resultaten stiet se op it stuit op it njoggende plak yn it klassemint.

''De oanrin nei it seizoen hat net ideaal west en ik sykje noch nei myn ritme'', sa seit Marit Bouwmeester.

(Advertinsje)
(Advertinsje)