Jannick de Jong wint earste finale fan WK langbaan

25 maaie 2017 - 20:22
Jannick de Jong - Foto: Bert Swarts – Photo-2000

Gersbaanracer Jannick de Jong fan De Gordyk hat tongersdei yn it Dútske Herxheim de earste finale fan it wrâldkampioenskip langbaan op syn namme skreaun. De Jong wie goed op dreef en hold de konkurrinsje op in flinke efterstân.

Op it twadde plak einige de Frânskman Mathieu Tresarrieu, dy stiet yn de tuskenstân ien punt achter de Gordykster. De Dútske Michael Härtel pakte it brûns op de baan yn Herxheim. Theo Pijper waard fiifde en Dirk Fabriek fjirtjinde.

De WK searje bestiet út fiif wedstriden. Op de kalinder stean noch La Reole (17-06), Mühldorf (09-07), Eenrum (20-08) en Morizes (02-09).

(Advertinsje)
(Advertinsje)