Bruinsma-en-dy it sterkst yn haadklassepartij Dronryp

25 maaie 2017 - 18:59
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It partoer fan Wommels mei Anna-Brecht Bruinsma, Martzen Deinum en Sjanet Wijnia hat tongersdei de haadklassepartij by de froulju yn Dronryp wûn. Yn in spannende finale wie it trijetal mei 5-4 en 6-4 te sterk foar it partoer fan Huzum.

De froulju fan Huzum, Marije van der Meer, Nynke Sijbrandij en Manon Scheepstra, kamen yn de finale noch knap werom mar koenen it úteindelik net oprêde. Peins, mei de suskes Anne Berber, Hiske en Marrit Zeinstra, hat de lytse preemje wûn.

Trefwurden: 
Dronryp keatsen Wommels
(Advertinsje)
(Advertinsje)