CDA en VVD wolle gau dúdlikheid oer situaasje Ofslútdyk

25 maaie 2017 - 18:12

It CDA en de VVD yn de Twadde Keamer wolle dat minister Schulz van Haegen sa gau as mooglik dúdlikheid jout oer de steuringen yn de brêgen by de Ofslútdyk. De brêgen lizze der regelmjittich út, wat ta in soad fertragingen liedt. Dat is wer net goed foar de ekonomy, want it ferkear moat meastentiids lang wachtsje oant de brêge wer iepen en ticht wol. Sawol CDA as VVD hawwe dêrom skriftlike fragen oan de minister steld.

Sa wol it CDA witte oft de minister wit hoefolle steuringen der oant 2050 rûsd wurde kinne. 2050 is it jier dat de brêgen offisjeel ôfskreaun binne en ferfongen wurde moatte. De VVD wol ynsjoch ha yn de konklúzjes fan rapporten dy't it ûnderhâld fan de brêgen beskriuwe. De partij twivelet oft it hâldber is om oant 2050 te wurkjen mei in monteur yn de buert fan de brêge en it kuoljen. Oer trije wiken ferwachtsje CDA en VVD in antwurd fan de minister.

(Advertinsje)
(Advertinsje)