Binnenstêd Ljouwert krijt elektryske trein foar toeristen

25 maaie 2017 - 16:30

Ljouwert krijt der fan mids juny ôf in attraksje by. Dan moat der in elektrysk treintsje troch de binnenstêd ride dat toeristen by de moaiste plakken en gebouwen del bringt. It begjin en einpunt is op it Saailân en in ritsje duorret in lyts oere. De trein is eigendom fan ûndernimmer Jelle de Visser fan Goutum. Hy kaam op it idee by in fakânsje yn Frankryk dêr't er sa'n treintsje seach.

De Visser hat de trein, dy't de kleuren fan Cambuur draacht, yn Sina bouwe litten. As de trije wagonnen fol sitte, kinne der sechstich minsken mei. In kaartsje kostet sân euro. Fia in lûdsysteem kinne de toeristen yn fiif talen lústerje nei útlis by de plakken dêr't se del komme.

Proefrit

De fergunningen binne al binnen. Takom tiisdei is de lêste proefrit op de plande rûte. Dan moat de gemeente besjen oft alles kin sa as it no op papier stiet. De Visser sjocht syn projekt as in moaie oanwinst foar de stêd. Hy hopet takom jier te profitearjen fan Kulturele Haadstêd. Mar de trein is bedoeld foar de lange termyn. De Visser leauwt yn syn projekt en neamt it in moaie oanwinst foar de stêd. Hy stelt gjin hege easken oan de opbringst. Al moat der úteinlik wol jild fertsjinne wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)