Man ferwûne by bedriuwsûngelok op De Jouwer

© BTBmedia
By in bedriuwsûngelok op De Jouwer is tongersdeitemoarn in persoan ferwûne rekke. It slachtoffer bedarre ûnder in stelling yn in bedriuwshal oan de Ambachtswei. Hoe't dat gebeure koe, is noch net bekend. De persoan is oerbrocht nei it universitêr sikehûs yn Grins. Foar de helpferliening waard ek in traumahelikopter ynset. Mear ynformaasje kin de plysje noch net jaan.