Scooterrydster en bromfytser ride mei drank op yn Ljouwert

25 maaie 2017 - 10:53
Alkoholkontrôle (argyffoto) - Foto: Omrop Fryslân

In scooterrydster en in bromfytser út Ljouwert binne woansdeitenacht troch de plysje yn de stêd betrape op it riden mei drank op. De plysje hat beiden meinaam nei it plysjeburo. Dêr die nei in blaastest bliken dat de 22-jierrige scooterrydster, as begjinnend bestjoerster, hast fiif kear mear alkohol op hie as tastien is. De 35-jierrige bromfytser wegere in blaastest te dwaan op it plysjeburo. Beiden moasten harren rydbewiis ynleverje en krigen proses-ferbaal.

(advertinsje)
(advertinsje)