"Blomkemerk by WTC rûn better, mar binnenstêd is geselliger"

25 maaie 2017 - 10:36

De hannel op de Ljouwerter blomkemerk rint better as dy by it WTC hâlden wurdt yn plak fan yn de binnenstêd. Dat seit Emiel de Vlas, merkmaster fan de blomkemerk dy't alle jierren hâlden wurdt op Himelfeartsdei. De merk waard ferline jier foar ien kear hâlden by it WTC, omdat Himelfeartsdei en Befrijingsdei doe op deselde dei foelen. Sa sieten de blomkemerk en it befrijingsfestival inoar net yn it paad.

Dit jier is de merk werom yn de binnenstêd. Dêr is it geselliger, seit De Vlas, mar by it WTC waard mear ferkocht. Neffens De Vlas kaam dat omdat de minsken flakby parkearje koene en harren oankeapen maklik even tuskentroch nei de auto bringe koene. Yn de binnenstêd fan Ljouwert is dat dreger.

Trefwurden: 
blomkemerk Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)