Radarkontrôle by Rotsterhaule: goed fyftich riders te hurd

25 maaie 2017 - 09:32
Snelheidskontrôle - Foto: Omrop Fryslân

By in radarkontrôle op de Hege Dyk (N924) by Rotsterhaule hat de plysje woansdeitejûn 52 hurdriders bekeurd. Mei-inoar waarden der 273 automobilisten kontrolearre. De heechste snelheid dy't de plysje metten hat, wie 145 kilometer yn 'e oere. Op de Hege Dyk is 80 it maksimum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)