Kollum: "Manchester & Twitter"

25 maaie 2017 - 08:17

"It liket hjoed wol in feestdei. In soad minsken binne frij en it waar sil prachtich wurde. En dochs wol ik it even ha oer de ferskriklike oanslach yn Manchester fan moandeitejûn. Ik besykje it tsjintwurdich safolle mooglik te mijen, wannear’t der soks slims bart, mar trije tweets kamen my dochs ûnder eagen. De earste wie fan Arnold Karsken, selsbeneamd "oarlochskronikueur". Hy skreau:

De twadde wie fan in anonym akkount, en wie yn it Ingelsk. Kaam del op: beroerde dingen barre yn de Manchester Arena. Ast dan de boel opblaze wolst, gean dan nei Canal Street.

Om dit te begripen, moatst witte dat Canal Street bekend stiet as dé homo-útgeansstrjitte yn Manchester.

De tredde wie fan ús eigen Geert Wilders, lid fan ús parlemint yn de Twadde Keamer. Eigentlik twa tweets:

In freon fan my wennet yn Manchester en hy siet tiisdei de hiele dei efter it ynternet. Hy folge it nijs, sa’t it ta ús kaam op de bekende nijssites. Mar ek Twitter. Sa no en dan stjoerde hy my in berjocht: hast dit sjoen, en dit…

Ik skreau werom: ik tink dat ik it net witte wol. Ik wurd der boas fan. Dy ûntspoarde hufter dy’t miende dat hy himsels tusken bern opblaze moast, dat dat dé manier is om… om wat eins.. te berikken, makke my razend. Mar dan komme de ûnnoazele tweets.

De ôfgryslike homohater út Manchester wie gau fan syn Twitterakkount ôf en komt der nea wer op. Mar dan minsken as Karskens, mei safolle folgers, wêrfan je hoopje dat hy dochs tûker is dan dit. It iennige dat bekend wie doe’t hy dit twittere wie dat de dieder in soan fan Libyske flechtlingen wie, dat hy berne is yn Grut-Brittannië, hy in ferwrongen byld fan de maatskippij en syn plak dêryn krige, en dat hy radikalisearre. Dit wie net in terrorist dy’t troch de foardoar kaam. Hy is berne yn it hûs, en is dêr terrorist wurden.

En dan Geert Wilders. De deade bern brûke om himsels nochris ôf te setten tsjin Rutte, dy’t hy ûnderwylst ferwyt dat er net mei him en de PVV praat om regearingspartner te wurden yn in nij kabinet. Wêrom soe dat no wêze, Geert? En ek hjir wer de suggestje dat dit soarte fan terreur oanpakt wurde kin troch grinzen te sluten.

De grinzen wiene ticht, yn de jierren tachtich, ek yn Grut-Brittannië. De katolike Ierske IRA bombardearre en fermoarde om it libben, oer dy tichte grinzen. Je hoege echt gjin fan fan Rutten te wêzen om yn te sjen dat dizze oanfal fan Geert Wilders net allinnich smaakleas en falsk is, mar ek suvere ûnsin. En it helpt de bern fan Manchester neat, lit stean dy fan Nederlân.

Mar ik ha my der net mei bemuoid op Twitter. Ik ha sels lang twivele om dit op de radio te sizzen. Want de trúk is nei soks ienfâldich: ik wurd sjoen as terroristeknuffelaar, gutmensch en útskolden foar NSB’er en in protte oare smoargens. Want wannear’t ik tsjin Karskens en Wilders bin, dan moat ik wol foar de terroristen wêze. Dat immen dat echt tinkt, kin ik net begipe.

Ik blokkearje sokke lju. Mar bou dêrmei ek oan harren filterbubbel. Se ha it oan harren sels te tankjen, mar ik stel my sa foar dat sy op in gegeven momint gjin inkelde realistyske beskôging op it nijs mear te sjen krije. En in ferwrongen byld krije fan de maatskippij en harren plak dêryn. En dêrom sis ik it dochs op de radio.

It wurdt hjoed moai waar. Foar elkenien. Ik soe sizze, genietsje derfan, en hâld fan inoar."

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)