Ein oan Frjentsjerter stichting Coba de Groot

25 maaie 2017 - 12:01

De Stichting Coba de Groot bestiet net mear. Tolve jier lang stipe de stichting jonge keunstners en keunstûnderwiis yn Fryslân en benammen yn Frjentsjerteradiel. Dat barde mei de neilittenskip fan Coba de Groot. Se wie in rike dame dy't wurke as direktrise fan de húshâldskoalle yn Frjentsjer. Keunst wie alles foar har. Dêrom besleat se dat al har jild en besittingen nei har ferstjerren foar jonge keunstners en it keunstûnderwiis wie.

Har dea wie de berte fan de stichting Coba de Groot. Tolve jier lang hat de stichting jongeren stipe om harren keunsthert te finen en te ûntwikkeljen. No is de neilittenskip op en stoppet de stichting. Belutsenen slute de perioade ôf troch de skjirre te setten yn de portretfoto's dy't oan de muorren hongen by de lêste tentoanstelling.

(Advertinsje)
(Advertinsje)