Winsemius: "Meitsje de Friezen sterk yn de eigen omjouwing"

''Meitsje de Friezen sterk yn de eigen omjouwing.'' Dy boadskip hie âld-minister Pieter Winsemius woansdeitejûn yn de sechsde Rede fan Fryslân, in inisjatyf wêrby't in pommerant de Friezen in spegel foarhâldt. Fryslân is koprinner op it mêd fan frijwilligers en omdat in soad doarpen in doarpshûs hawwe, is de ûnderlinge belutsenens sterk. Friezen kinne folle grutsker op harren situaasje wêze as no, ek al binne der gefaren. Troch krimp en de opskaling fan gemeenten en bedriuwen fiele minsken de ôfstân groeien.
Winsemius rôp de Fryske bestjoerders op om harren ynwenners serieus te nimmen en mear ferantwurdlikens te jaan. Dat smyt yn de takomst in nije Fryske frijheid op. De komst fan de fonteinen by Ljouwert Fryslân 2018 is moai, mar de ûnderlinge belutsenens fan Friezen yn de mienskip is it belangrykste dêr't Fryslân yn Europa mei skoare kin, neffens Winsemius.