Fryske keamerfragen oer brêgen yn de Ofslútdyk

24 maaie 2017 - 21:19
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It Ljouwerter Twadde Keamerlid Harry van der Molen fan it CDA wol opheldering fan minister Schultz oer de brêgen yn de Ofslútdyk. Hy fynt dat it fierstente lang duorret foardat der wat dien wurdt oan dy brêgen. Earder waard bekend dat it noch seis jier duorret foardat de beweechbere parten fan de brêge ferfongen wurde en dat de folsleine brêgen pas yn 2050 ferfongen wurde.

Van der Molen wol witte wat de oarsaak is fan dizze lange wachttiid en oft de oanpassingen ek rapper dien wurde kinne. Ek wol er witte wat de oarsaken binne fan de steuringen en wat de steuringen it bedriuwslibben kostje.

Ek it Ljouwerter Twadde Keamerlid fan de VVD Aukje de Vries hat yntusken fragen steld oer de brêgen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)