Hoe giet it mei darter Danny Noppert nei de Lakeside?

25 maaie 2017 - 20:00

Hy is yn ien jier tiid útgroeid ta ien fan de bekende nammen yn de dartwrâld: darter Danny Noppert fan De Jouwer. De 26-jierrige Noppert begûn ferline jier oan syn ynternasjonale aventoer en hat syn namme by de toppers yntusken definityf fêstige. Benammen op it prestisjeuze Lakeside World Darts Championship yn it Ingelske Frimley Green makke er furoare. Dêr helle de Jouster yn jannewaris dit jier de finale.

Freedtemiddei spilet Noppert yn Wales wer syn earste telefyzjetoernoai sûnt dy Lakeside: de BDO World Trophy yn Wales. Mar hoe hawwe de ôfrûne moannen west foar Danny Noppert? Wy leinen de darter de folgjende fragen foar.

Wat is der de ôfrûne moannen allegear op dy ôfkaam?
''Ik haw op De Jouwer in huldiging krigen foar myn prestaasje op de Lakeside. Ek haw ik in hiel soad berjochten krigen fia social media fan minsken, bygelyks fia Facebook. Dêrneist bin ik in hiel soad útnûge foar toernoaien. Der is in hiel soad op my ôfkaam sûnt de finale.''

Hoe is it no om ien fan de bekende spilers te wêzen?
''Dat fyn ik moai. Ik fernim dat no wol op toernoaien. De lêste tiid wolle bygelyks in soad minsken mei my op de foto. Ik fyn dy oandacht wol leuk.''

Jout dat dy ek ekstra druk? Dat minsken ek mear fan dy ferwachtsje?
''Nee, dat jout my neat. Ik tink der ek net oan, ik krij der gjin ekstra druk fan. Ik doch gewoan myn eigen ding. It makket my net út wat oare minsken fan my ferwachtsje.''

Freed spilest do wer in telefyzjetoernoai yn Wales. Wat ferwachtest derfan?
''Ik haw der nocht yn. Ik spylje tsjin Willem Mandigers, in lângenoat. Hy is in rappe darter en kin sa no en dan dûbels misse. Ik moat gewoan druk op him hâlde en de kânsen dy't ik krij pakke. Dan tink ik dat ik fier komme kin op de World Trophy fan dit wykein.''

Wat stiet der foar dy fierder dit jier allegear op de planning?
''Ik bin yn prinsipe pleatst foar alle telefyzjetoernoaien. Dat betsjut dat ik wis bin fan dielname oan de Winmau World Masters, de Grand Slam of Darts en de Lakeside. Ik gean fierder de toernoaien ôf dêr't ik nocht oan ha. Myn doel is dit jier gewoan mei te draaien en yn de top sechtjin fan de wrâld te bliuwen.''

(advertinsje)
(advertinsje)