Holland Casino docht nij einbod foar cao personiel

24 maaie 2017 - 21:11
Holland Casino yn Ljouwert

Holland Casino hat in nij einbod dellein by de fakbûnen foar in fiifjierrige cao foar it personiel. Neffens Holland Casino binne der 'stevige concessies' dien en wurdt temjitte kaam oan de winsken fan de wurknimmers. De fakbûnen binne lykwols net tefreden oer dit nije einbod. Se neame it in "herhaling van zetten" en fine de hâlding fan it bestjoer respektleas en ûnbeskamsum. Der wurdt dêrom opnij staakt by Holland Casino.

De ôfrûne wiken is der in soad aksjefierd by Holland Casino. Ek by de fêstiging yn Ljouwert is twa kear staakt. It personiel striidt foar in bettere cao. De petearen tusken de fakbûnen en Holland Casino hawwe oant no ta noch neat opsmiten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)