Bouwmeester belibbet minne dei yn Medemblik

24 maaie 2017 - 20:50
Marit Bouwmeester (argyffoto) - Foto: Twitter Marit Bouwmeester

Marit Bouwmeester is woansdei fuortsakke út it klassemint fan de Laser Radialklasse by de Delta Lloyd Regatta yn Medemblik. De Wartenster Olympysk kampioen sylde op de twadde dei fan de Regatta twa mindere races. Se waard tweintichste en alfde. Se stiet dêrtroch no op it tolfde plak yn it klassemint.

Woansdei, op de iepeningsdei fan de Regatta, waard Bouwmeester noch fiifde en earste. De Delta Lloyd Regatta duorret noch oant en mei sneon.

(Advertinsje)
(Advertinsje)