Twizeler (63) frijsprutsen fan wytwaskoanklacht

24 maaie 2017 - 20:38
Rjochter - Foto: Omrop Fryslân

In 63-jierrige man fan Twizel is frijsprutsen fan wytwaskjen. Hy waard derfan fertocht dat er wist dat der mei krimineel jild yn syn hotel yn Winschoten ynvestearre hie. Dêrfoar wie tsien moanne sel easke, wêrfan de helte ûnder betingst.

De Noardlike Fraudekeamer achtte dit lykwols net bewiisd, wêrtroch't de Twizeler frijút giet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)