Wurk provinsjale dyk De Lemmer rint fertraging op

24 maaie 2017 - 20:21

It wurk oan de provinsjale dyk N359 by De Lemmer rint fertraging op troch in koart pleit oer de oanbesteging fan de wurksumheden. Der rint in juridyske proseduere tusken de provinsje en boubedriuw BAM. BAM hie de leechste ynskriuwing fan alle partijen dy't har ynskreaun hienen op de oanbesteging. De provinsje konstatearre lykwols flaters yn de ynskriuwing. It foarnimmen ta gunning waard dêrnei oan de twadde ynskriuwer dien. BAM is it dêr net mei iens.

Op 14 juny tsjinnet it koart pleit. De útspraak folget twa wiken letter, om 1 july hinne. De definitive gunning is dêrnei. De tariendende wurksumheden gean ûnderwilens gewoan troch. Neffens de provinsje soarget de fertraging der net foar dat it wurk letter klear is. It wurk moat foar de simmer fan 2018 dien wêze.

Trefwurden: 
De Lemmer dyk N359 wurksumheden
(Advertinsje)
(Advertinsje)