Lemster tsjin fangrail op A32

26 okt 2011 - 09:49
Foto: Omrop Fryslân

In bestjoerder (45) fan De Lemmer botste tiisdei op de A32 by Grou tsjin de fangrail oan. Hy hie de macht oer it stjoer ferlern nei't er útwykte foar in grutte fûgel. De Lemster kaam dêrtroch mei de auto yn de berm. De auto skeat de dyk oer en kaam ta stilstân tsjin de fangrail.

Trefwurden: 
plysje Lemsterlân De Lemmer
(Advertinsje)
(Advertinsje)