Peke Wouda oer seemyn: "We zagen direct dat het mis was"

"We haalden de netten op en zagen direct dat het mis was." Peke Wouda hie in oare wurkdei as gewoanwei. Mei syn skip Maria Josefina út Starum wie er op garnalen oan it fiskjen by Surch. Hy hie in grutte seemyn yn de netten opfiske. "We hebben hem voorzichtig aan dek en uit de netten gehaald. De bom was zo'n 1 meter zestig in doorsnee. We konden de haven natuurlijk niet meer binnen varen en hebben de Kustwacht gealarmeerd. Die heeft de EOD gebeld."
Springstof
Mei de plysjeboat kamen de minsken fan de Explosieven Opruimingsdienst Defensie om de seemyn fan board te takeljen. "Ze zeiden dat er 275 kilo springstof in zat." Benaud hat Wouda net echt west. "Het gebeurt, het is niet anders. Ik heb het liever niet, want we hebben wel schade aan de netten. Nu eerst maar eens de boel maken en dan volgende week gaan we weer de zee op." De seemyn is letter op see ta ûntploffing brocht.
Gewear
It is net de earste kear dat Wouda wat oars as garnalen yn de netten hie. "Een jaar of drie geleden hebben we eens dubbelloops machinegeweer uit een Amerikaanse bommenwerper met munitie opgevist."