Wurkstraf foar frou (39) fanwegen stellen medisinen

24 maaie 2017 - 17:05
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In frou fan 39 út Bitgummole hat in wurkstraf krigen om't se medisinen stellen hat út de apoteek fan it Refaja sikehûs yn Stadskanaal. De frou wurke dêr. In kollega hie sjoen dat de frou meardere kearen medisinen as morfine en oxycodon, in swiere pinestiller, meinommen hie. Se hie dat dien foar har sike partner. Se hie it gefoel dat se klem siet en seach de stellerij as de iennichste útwei.

Neffens de rjochter is de kâns op werhelling grut. De frou moat de medisinen werombetelje, en se krijt in wurkstraf fan 120 oeren, wêrfan de helte ûnder betingst is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)