Nije eigeners helje dino's op: Wassenaar hat al nije partij

24 maaie 2017 - 16:56

De 47 dino's binne ferkocht en de nije eigeners koenen se woansdei by Peter Wassenaar yn Surhústerfean út de loads ophelje. In heftruck mei sjauffeur koe fergees brûkt wurde om de stikken te ferpleatsen. Sechtjin bliuwe earst noch stean, dy binne kocht troch in park op Tenerife en de nije eigener koe it ferfier sa gau net regelje.

Nije partij

Wassenaar hat yntusken noch mear dino's kocht. Ein july ferwachtet hy yn in kontener út Sina mei noch wol fjouwer kear safolle dino's. Dy komme ek allegearre út it temapark Jurassic Earth. Dizze nije partij dino's binne ek folle grutter, wol 20 meter heech bygelyks. Se komme as boupakket en wurde levere mei dúdlike foto sadat men wit hoe't se in elkoar set wurde moatte. Fan septimber ôf komme dizze op 'e feiling.

(Advertinsje)
(Advertinsje)