FIDEO: Hoe sjocht âld-Ajax-spiler Johan Zuidema de finale?

24 maaie 2017 - 17:00

Ajax spilet woansdeitejûn de finale fan de Europa League. Foar it earst sûnt fyftjin jier is der wer in Nederlânske klup dy't in Europeeske finale spilet. Foar ien Fries wurdt it in hiel spannende jûn. Johan Zuidema spile fan 1976 oant en mei 1978 foar Ajax. Sûnt dy tiid hat er in read-wyt hert. Sels spile er ek grutte Europeeske wedstriden, bygelyks tsjin Juventus.

Johan Zuidema komt noch geregeld by Ajax. Hy sit woansdei, 45 jier nei't hy sels de UEFA Cup-finale spile, foar de telefyzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)