Foarferkeap Lost in the Greenhouse set sneon útein

© Omrop Fryslân, Berber Hania
Kommende sneon begjint de foarferkeap foar de foarstelling Lost in the Greenhouse. It stik is ien fan de grutte foarstellingen fan it Kulturele Haadstêdjier. Lost in the Greenhouse is in produksje fan De Lawei en fan it Amsterdamske selskip Orkater. It is in muzykteäterfoarstelling, dy't him ôfspilet yn it glêstúnbedriuw fan Hartman yn Seisbierrum.
Yn it lokaasjestik giet it oer de ferhâlding tusken de Fryske en de Poalske wurknimmers yn de kassen. De premjêre fan Lost in the Greenhouse is op 19 april 2018.