Boeren yn Eaststellingwerf meie net djipper ploegje

24 maaie 2017 - 15:30

Boeren yn Eaststellingwerf meie op bepaalde plakken net djipper ploegje as tritich sintimeter. De gemeenteried hie soks fêstlein yn it bestimmingsplan foar it bûtengebiet. Der binne dêr mooglik archeologyske fynplakken, fyftich plakken dêr't yn earder tiden pleatsen stien hawwe.

Lânbouwers en LTO Noard wienen nei de Ried fan Steat stapt. It soe tefolle beheiningen foar de boeren opsmite, mar de steatsried wie it mei de kleiers net iens.

(advertinsje)
(advertinsje)