Erik Bakker ferlit SC Cambuur

24 maaie 2017 - 15:24
Foto: awfoto.nl

Erik Bakker ferlit SC Cambuur. De fuotballer giet werom nei PEC Zwolle, de klup dêr't er oant 2011 ek foar útkaam. Hy tekenet dêr in kontrakt foar twa jier.

De 27-jierrige Erik Bakker wie oanfierder fan Cambuur, mar slagge der net yn om de promoasje nei de earedifyzje ôf te twingen. Tsjin MVV waard snein yn de play-offs ferlern.

(advertinsje)
(advertinsje)