De Rouwe: "Untwikkelingen by projekt Waddenglas"

Sander de Rouwe (hjir op argyffoto) © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Deputearre Sander de Rouwe seit dat der op dit momint 'ûntwikkelingen' binne by de ferkeap fan grûn by it projekt Waddenglas yn Seisbierrum. De Rouwe melde dat nei oanlieding fan de behanneling fan de jierrekken oer 2016. Dêryn melde de provinsje in mooglike ôfboeking op it projekt fan 11,1 miljoen euro. FNP-steatelid Sybren Posthumus wie nei eigen sizzen 'ferbjustere' oer dit bedrach.
De deputearre jout oan dat de sifers fan 2016 binne en dat de ferkeap fan bunders der no better útsjocht. By it projekt Waddenglas is 37 bunder grûn beskikber foar túnbou. De provinsje, de gemeente Frjentsjerteradiel en de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland binne elk foar in tredde part eigener. In mooglik ferlies diele se ek mei harren trijen.