Man ûntrint feroardieling om lettere oanpassing yn wet

De rjochtbank yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 47-jierrige ynwenner fan Hantumhuzen koe tiisdei troch de rjochtbank yn Ljouwert net feroardiele wurde foar identiteitsfraude. De man hie op namme fan in oar in akkount oanmakke by de Kijkshop. Op dat akkount hie er in tablet besteld, en dy persoan krige ek de rekken.
It probleem foar de rjochter wie dat soks op dat momint noch gjin strafber feit wie. De wet waard in moanne letter pas ynfierd. It slachtoffer fan de fraude krijt de skea lykwols net fergoede, krekt om't de Hantumhúster wetlik net fout wie.