Steaten geane akkoart mei komst Fryske jeugdadvysried

Steateseal
Der komt in Fryske jeugdadvysried yn ús provinsje. In mearderheid fan de partijen yn Provinsjale Steaten wol sa'n ried. It doel is dat der 7 oant 15 bern út it fuortset ûnderwiis yn dy ried komme. Se kinne twa oant fjouwer kear yn 't jier advys jaan oan Provinsjale Steaten oer aktuele saken.
It advys is wichtich, mar net binend. De ried moat ek in eigen bestjoer krije. Dêryn kin ek de Fryske jeugd-CdK Razwan Popal in rol spylje. Hy is ferline jier ynstallearre en hat gjin offisjele rol, mar giet wol mei de echte kommissaris fan de Kening op wurkbesite en besiket de dielname fan jeugd oan polityk te befoarderjen.
It doel is dat de Fryske jeugdadvysried noch foar de simmer troch kommissaris Brok ynstallearre wurdt.