Ynbraken fia gat yn dak

© Omrop Fryslân
Op trije plakken ha de lêste dagen winkelynbraken west. Ynbrekkers makken in gat yn it dak om der yn te kommen. Yn Kollum is tiisdeitenacht by twa winkels oan de Andreaestrjitte op dizze wize ynbrutsen. It is noch ûnbekend oft der guod meinommen is. Yn Berltsum binne moandeitenacht út in winkel oan de Hofsleane sigaretten stellen. Yn Sint Anne slagge it de ynbrekkers net om fia it dak yn de winkel te kommen.