Fiskersskip fisket âlde seemyn op by Surch
In fiskersskip hat woansdei op de Waadsee by Surch in âlde seemyn opfiske. De myn leit op it skipsdek. It skip, de Maria Josefina út Starum, is foar anker gien op it plak dêr't de myn fûn is.
De Explosieven Opruimingsdienst Defensie (EOD) is mei in plysjeboat nei de fiskersboat ta om de myn ûnskealik te meitsjen. De fiskers hoege net fan it skip ôf.