Akkoart oer opdoeken spoarweioergong Harns

24 maaie 2017 - 14:26

De spoarweioergong by Harns dêr't earder dit jier twa slimme ûngelokken wienen, wurdt opdoekt. ProRail en de boer fan wa't de oerwei wie, ha hjir woansdei in akkoart oer tekene. Der komt in nije dyk mei in brêge dy't de boer brûke kin. ProRail betellet de oanlis en de boer bliuwt eigener. Oer de kosten wurde gjin meidielingen dien.

Op 27 maart kamen in man en syn soantsje om it libben doe't de auto dêr't se yn sieten yn botsing kaam mei in trein. In moanne dêrfoar wie dêr ek al in oanriding. Dat einige mei in licht ferwûne en in soad blikskea.

Trefwurden: 
spoarweioergong Harns
(advertinsje)
(advertinsje)