Douwe Heeringa: "Oranjewoud Festival is Oerolklassyk"

"Ik bin mei klassike muzyk opgroeid. Thús waard it in soad draaid," fertelt Douwe Heeringa. It is dan ek net frjemd dat er 'spreekstalmeester' op it Oranjewoud Festival is. Dat festival is fan 1 oant en mei 5 juny op ferskate plakken yn en by Oranjewâld. It wol klassike muzyk op in leechdrompelige wize bringe.
De Omroppresintator hâldt sels hiel bot fan klassike muzyk. "Bach stiet by my op nûmer ien, altyd. Dat is it alderheechste dat je berikke kinne fyn ik. Mar ik hâld ek fan Schubert en ik bin ek in grut fan fan Strauss, mar dan net syn walskant."
Eilân fan rêst
Yn syn programma's lykas Mei Douwe lit er in grut ferskaat oan muzyk hearre. "Dêr wol ik ek wol klassyk hearre litte. Want it is net mear op safolle plakken te hearren. Dat is echt skande, it is hielendal net elitêr, echt net. In soad minsken fine klassyk moai, mar faak witte se net dat it der is. Der wurdt ek wolris sein dat je leare moatte om nei klassike muzyk te lústerjen, mar dat is echt ûnsin. Dat hoecht hielendal net, it giet om gefoel. Muzyk is in eilân fan rêst yn dizze drokke tiid. Dat is belangryk."
Tip fan Douwe
It Oranjewoud Festival is bûten yn de iepen loft. "Dat makket it tagonkliker as in konsert yn in seal. Dat is wolris opkloppe, mar dat is by dit festival hielendal net sa. De sfear is hiel relaxed. It is in soarte fan Oerolklassyk. It is gewoan in hiel leuk festival mei topmuzikanten en bist ek nochris bûten yn de prachtige natuer. Benammen it Nederlands Blazers Ensemble dat it slotkonsert fersoarget is echt top. Se binne wrâldferneamd en dêr kin in hafabra-provinsje as Fryslân grutsk op wêze. Lit dy ferrasse! En o ja, doch goede skuon en hege sokken oan!"
Omrop Fryslân
Omrop Fryslân docht tal fan live bydragen fan it Oranjewoud Festival ôf. Mei livestreams fan it iepeningskonsert, de proeftuin-classics en it slotkonsert kinne leafhawwers fia de webside en de Omrop-app meigenietsje. Ferslachjouwer Miranda Werkman lit fjouwer dagen lang sjen wat him ôfspilet op it festivalterrein. Ek Op en Ut, mei Douwe Heeringa, komt live fan it festival ôf.