FIDEO: It jongereiniepenloftspul fan Jorwert set útein

Hjoed fynt yn Jorwert de premjêre fan it jongereiniepenloftspul 't Beest plak, dat basearre is op it mearke Belle en het Beest. It is de fjirde kear dat der yn Jorwert in jongereiniepenloftspul is. Der dogge sa'n tweintich jongeren mei oan it stik.
‘t Beest is in eigentiidske bewurking fan it mearke Belle en het Beest. It spilet him ôf op it studintedispút Infernicus. Yn it ferhaal wurdt it jachtige libben fan de studint Brendan Besseling folge. Brendan is in persoan dy’t alles al hat en hiel djip falt… Wat betsjut it ast alles hast? Wat ast neat fan dat alles witst te wurdearjen? Wat ast alles kwyt rekkest? Klik hjir foar mear ynformaasje en de spyldata fan it jongereiniepenloftspul 't Beest.
Omrop Fryslân jout dit seizoen ekstra omtinken oan alle iepenloftspullen yn Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje op de spesjale iepenloftspulside. Op dy pagina binne ek eksklusive filmkes te finen oer it stik, de lokaasje en fansels de hûnderten frijwilligers yn alle doarpen, dy’t spikerhurd wurkje om de moaiste stikken op de planken te bringen.