Flechtlinge-opfang Bornego College Wolvegea giet ticht

24 maaie 2017 - 13:49
Yn de âlde skoalle wiene as lêste flechtlingen ûnderbrocht - Foto: Google Maps

De opfang fan flechtlingen yn it eardere Bornego College yn Wolvegea giet ticht. Mei yngong van 31 desimber ferlitte de statushâlders de eardere skoalle.

De earste gesinnen kamen dêr twa jier lyn. De ynstream fan asylsikers is sa bot weromrûn dat de needhúsfêsting net mear nedich is. Wenningstichting Weststellingwerf siket no foar de fiif gesinnen dy't noch yn Bornego wenje geskikte wenromte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)