Gearwurking biblioteek Sint-Nyk en soarchsintrum Maeykehiem

De mei sluting bedrige biblioteek yn Sint-Nyk kin iepenbliuwe no't gearwurke wurdt mei soarchsintrum Maeykehiem yn it doarp. Tsien kliïnten fan Maeykehiem steane fan 1 july ôf yn de biblioteek. It wurk yn de biblioteek is foar harren in goeie deibesteging.
It gebou oan de Rengersstrjitte wurdt no ferboud en útwreide. De kolleksje wurdt grutter en de iepeningstiden ferromme. De biblioteek is fan july ôf fiif dagen yn de wike iepen, en net langer twa middeis sa't no it gefal is.