Fragen oer net brûkt jild út Oanfalsplan Wenningmerk

24 maaie 2017 - 11:17
Wenningbou - Foto: ANP XTRA

De provinsje hat yn 2016 net al it beskikbere jild brûkt dat bedoeld wie by it Oanfalsplan Wenningmerk. Mei elkoar is der 17 miljoen euro yn de provinsjale kas bleaun. VVD-steatelid Leo Pieter Stoel wol witte wêrom't dat jild net ynset is. Deputearre Sander de Rouwe seit ta dat hy dizze hjerst it oanfalsplan mei de Steaten evaluearje wol.

It Oanfalsplan Wenningmerk is yn 2013 troch it eardere kolleezje fan Deputearre Steaten (PvdA, CDA, FNP) ynsteld. Yn totaal wie der 60 miljoen euro beskikber. It doel wie om yn krisistiid it baneferlies yn de bou- en ynstallaasjesektor te beheinen. Ek woe it kolleezje op langere termyn it wenningoanbod oanpasse oan wat minsken nedich ha.

Yn it oanfalsplan wurket de provinsje gear mei boubedriuwen, korporaasjes, soarchynstellings en gemeenten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)