Wurk oan brêge Aldskou begjint moandei: oerlêst foar ferkear

De brêge by Aldskou © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Rykswettersteat begjint moandei mei it oanbringen fan nij beton op ien fan de pylders fan de brêge Aldskou oer it Prinses Margrietkanaal tusken Jirnsum en Akkrum. It wurk duorret oant en mei tongersdei 8 juny en wurdt fan 22.00 oere oant 6.00 oere útfierd. De brêge stiet dan iepen en kin net brûkt wurde troch it weiferkear.
Sneon 3 juny en tiisdei 6 juny is de brêge oerdeis ek ticht foar auto's en frachtweinen. It ferkear moat omride fia Grou. Fytsers en fuotgongers kinne de brêge wol brûke. De wurksumheden binne needsaaklik nei't Rykswettersteat op 9 maaie losse stikken beton ûnder de brêge fûn.