By ynfal briedmasineljippen yn beslach naam

24 maaie 2017 - 11:05

It eksperimint mei it útbrieden fan ljipaaien op it terrein fan Age de Jong by Skearnegoutum is stillein. De miljeuplysje hat in ynfal dien. Dy kaam woansdeitemoarn mei twa auto's it terrein opriden, fertelt De Jong. Der wienen noch trettjin piken en sân aaien en dy binne yn beslach naam. De Jong fynt it mar 'in domme aksje'.

Hy moat foar ferhoar nei de plysje ta. Sawol foar de opfang as it opheljen fan de aaien út it lân wie gjin ûntheffing op de natoerwet. Neffens de minsken achter dit inisjatyf gong it om aaien dy't oars troch lânwurk ferlern gean soenen.

It útbrieden fan de aaien slút oan op it BFVW-plan om jierliks goed tsientûzen aaien út te brieden. It BFVW is net belutsen by it inisjatyf yn Skearnegoutum. BFVW-foarsitter Rendert Algra neamt de ynfal 'sneu foar dizze goedwillende minsken'.

De ynfal betsjut net dat it eksperimint mislearre is, seit De Jong. Neffens him ha sy al in soad leard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)