Lutz Jacobi wurdt listlûker PvdA Ljouwert

Lutz Jacobi wurdt, sa as it no liket, listlûker foar de PvdA yn Ljouwert. De list foar de riedsferkiezingen yn novimber is woansdei bekendmakke. De wethâlders Sjoerd Feitsma, Henk Deinum en Andries Ekhart stean op twa, trije en fjouwer. De heechste nije kandidaat, Linda Slagter, stiet op it sechde plak.
De definitive list wurdt fêststeld troch de leden op de earstkommende algemiene ledegearkomste fan 17 juny oansteande.
De PvdA is de grutste fraksje yn de ried fan Ljouwert, de partij hat tolve sitten.