Skûtsjeskipper Meindert de Groot is ferstoarn

24 maaie 2017 - 10:49

De eardere Súdwesthoekskipper Meindert de Groot fan Starum is ôfrûne moandei ferstoarn. Hy is 71 jier wurden. Hy wie fan 1981 oant en mei 2007 skipper fan it SKS-skûtsje. Yn 2007 naam syn soan Auke it helmhout oer. De Groot bleau by it skûtsje en de SKS belutsen as adviseur en mentor. Fanwege syn fertsjinsten waard er troch de SKS beneamd ta earelid.

It ôfskied is kommende freed. Der wurdt dy dei ek syld op Lemmer Ahoy, mar de Súdwesthoeke docht dan net mei.

(advertinsje)