FNP wol belestingfrije sônes yn Fryslân

De Ljouwerter FNP-fraksje wol dat der belestingfrije sônes yn Fryslân komme. Mei dizze maatregel kin de wurkgelegenheid stimulearre en de krimp op it plattelân tsjingien wurde. Neffens de fraksje wurdt dit yn oare regio's yn Europa ek al dien.
Dat stiet yn it ferkiezingsprogram fan de riedsfraksje. Yn dat program stiet fierder dat de hûnebelesting ôfskaft wurde moat en dat de toeristebelesting net opnij ynfierd wurde mei. Yn de doarpen om Ljouwert hinne moat it parkearjild ôfskaft wurde. Op gemeentlike belestingen lykas rioel- en ôffalstoffeheffing moat maksimale ynflaasjekorreksje plakfine.