Kollum: "Simmer"

24 maaie 2017 - 08:41

"Jim ha Pyt heard. Fan moarn ôf noch folop sinne. Sterker, it wurdt hyt. Ik ferwachtsje it earste geseur oer de waarmte kommend wykein al wer. We kin fan freed ôf de earste trije fjouwer moanne net oer de Ofslútdyk. Fan tiisdei ôf stean de kranten al wer fol mei drûchte nijs. Eins is dat geseur hiel ûnnoazel, slimmer: dom! Wis, as de terraskes fol sitte en jo kin der net mear by, dan moat je seure. En as je as boer in sneed minder gers ha, krimmeneare. Ek al is it oant no ta mear as geweldich gien, seure. Begryplik, mar it jout neat want dyselde sinne skynt hiel oerdrachtlik de kommende moannen folop oer ús hinne. Want dy oerdrachtlike simmer begjint moarn ek. Himelfeartsdei, mar wy farre ek hiele oare einen. Oeral is wat te dwaan. Ik moat leau ik wol nei fiif, seis dingen ta, mar der is folle, folle mear. Fryslân simmerlân. Fryslân wetterlân. Fryslân keatslân. Fryslân festifallân. Fryslân kuierlân, Fryslân museumlân. Fryslân muzyklân. Fryslân natoerlân. En benammen Fryslân fret- en sûplân. Elkenien is wolkom. We bin amper yn de himel moarn of we wurde oerriden troch oldtimers dy’t hjir ferline wike al delkwakt waarden. Motors jeie oer de lytse dykjes, de skrik fan allegear fytsers en rinners. Dy fytsers ha al in heal orgasme omt se pinkstermoandei wer moai oeral yn de rige stean kinne. Der komt fan moarn ôf wer in see fan boatsjes op ús marren. Der begjinne sels al seurders te kommen oft it net te drok is op de farwegen. Dat falt ta. De Marrekrite hat drones boppe Fryslân fleanen hân, en noch, om te sjen as der net wat lisplakken by wei kinne. Dat liket frjemd, mar der lizze hiel wat meters steiger oeral yn Fryslân en soks moat ûnderhâld ha. En ach, sizze se dêre, as der wat minder lisplakken binne, dan liket it wer wat foller yn de drokke wiken. Se sizze der net by dat se dan wer mear jild fan de oerheden krije kinne en dan kin se wer mear lisplakken oanlizze. Sa wurket dat yn soksoarte dy kringen.

Mar koart en goed: de simmer komt Fryslân yn.

En Fryslân is dêr hielendal klear foar. Oeral lâns de diken stean bosken giele boarden om elkenien te fertellen hoe fier as se omride moatte om hjir en dêr noch komme te kinnen. Want net inkeld de toerist wurdt wekker en wol Fryslân ris efkes yn. Nee, ek de wurknimmers fan de wegebedriuwen en de bazen dêrfan slane de eagen iepen en wurde ynienen warber as de sinne skynt. Se ha skynber besunige op doorwerkpakken. As it reint, of der is kâns op rein, dan sitte se oan de kofje. Watte, de hiele winter komme se moarns byelkoar op de kofje en sizze dan: ach ja, it soe miskien no wol efkes kinne, mar we ha heard fanút it ferline dat it yn de winterperioade wolris frear. Wit jim fan jim pake noch wol de ferhalen oer ‘62/’63. Oeeeh. Dan kinne we fansels net oan de gong. Stel je foar dat it ynienen begjint. En snie? Dan moat we derop út om te feien. Dat dogge we altyd nachts, dan ride we foar dûbeld taryf. Leafst noch yn it wykein, dan is it twadûbeld. Dan ha we it net oan tiid om oerdei te wurkjen. De betide maaitiid wurdt ek neat, want dan hingje de nêsten yn de beammen of de reiden en dan fersteur je de fûgels. En eins is it dochs ek wol moai om stikjes nije dyk midden yn de simmer klear te meitsjen, dan skynt by de iepening fan in stik nij asfalt wer moai de sinne en dan stean de wethâlders wer o sa fleurich en moai op de foto’s en selfys. En dan ha wy by it bedriuw moai noch in barbecueke yn de waarme simmerjûnen. Wat is it libben moai.

Ik oerdriuw fansels wat. Se dogge har bêst en wurkje ek faak nachts op 't heden. Mar as ik de provinsjale side sjoch mei tsien weiwurksumheden en der stiet dan by: kan met het ingaan van de zomer mooi beginnen, dan tink ik toch efkes: soenen dy lju no echt wol witte dat we in toerismeprovinsje binne?"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)