Binnenstêd Ljouwert moaier

26 okt 2011 - 10:06

Ljouwert ropt de help yn fan bekende arsjitekten, bouwers en makelders om de binnenstêd moaier te meitsjen. It giet om plakken as it Harmoniekwartier en de Blokhûspoarte. De gemeente sammelt de ideeën en makket in seleksje fan de bêste. Dy wurde yn de hjerst fan 2012 presintearre oan de gemeenteried. Ljouwert hat as doel om yn 2015 keazen te wurden ta moaiste binnenstêd fan it lân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)